IFKS yn 2005 earder as SKS

09 jul 2004 - 12:34

It Iepen Fryske Kampioenskip Skûtsjesilen (IFKS) wurdt yn 2005 foar de wedstriden fan 'e SKS hâlden. Dit fanwege Sail Amsterdam, dêr't guon skûtsjes ek oan meidwaan sille. It bestjoer fan 'e IFKS soe tenei alle jierren wol foar de SKS útsile wolle.

Earder yn it seizoen sile smyt mear omtinken fan 'e media op en past better yn 'e fakânsjeplanning fan skippers en bemanningen. De IFKS sil ynkoarten hjiroer oerlizze mei it SKS-bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)