IFKS-skûtsje mei inkeld froulju as bemanning

12 jan 2016 - 21:00
  • In pear bemanningsleden fan it IFKS-frouljusskûtsje

Der komt in folslein frouljusskûtsje by de IFKS 2016. Skipper Alisa Stekelenburg fan Sleat en Loekie Heintzberger fan Starum gean de útdaging oan om in kompleet frouljusteam te gear te stallen. Tsientallen froulju hawwe al belangstelling toand om fan 't simmer oan de wedstriden mei te dwaan.

Jacob Huisman hat syn skûtsje Oant Moarn beskikber steld oan de froulju. Dat hat er dien omdat er it inisjatyf sa bysûnder fynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)