IFKS-prolooch op Burgumermar

25 feb 2009 - 15:27
  • De Burgumermar dêr't de IFKS-skûtsjes sile sille

Op 13 juny wurdt de alderearste echte skûtsjesylwedstriid op de Burgumermar fersyld. In spesjale Stichting, dy't woansdei oprjochte is, sil dan in prolooch foar de IFKS organisearje.

Yn de simmer wurdt op in soad Fryske marren skûtsjesyld, mar net op de Burgumermar. De inisjatyfnimmers ha de SKS en IFKS benadere foar in wedstriid op de mar. De IFKS komt no foar in prolooch nei de Burgumermar. Doel fan de stichting is dat de wedstriid úteinlik meitelt foar it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)