IFKS moat op syk nei nije bestjoersleden

18 des 2014 - 18:41
  • IFKS

De IFKS moat op syk nei in nije ponghâlder en sekretaris. Dat meldt de skûtsjesyl-organisaasje op harren Facebookside. Beide bestjoersleden hawwe oanjûn dat se út it bestjoer stappe, om sa foar te kommen dat it folsleine bestjoer aanst yn ien kear fernijd wurde moat. Dit jier is it folsleine bestjoer troch de leden beneamd. Dat betsjut dat alle sittende leden oer trije jier tagelyk opstappe as harren bestjoerstermyn ôfrûn is.

De bestjoersferkiezing foar de beide nije bestjoersleden stiet pland foar de ledegearkomste yn de maitiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)