IFKS moat mear by de tiid brocht wurde

25 mrt 2015 - 10:51
  • Striidber yn aksje by de IFKS op De Lemmer

De organisaasje fan de IFKS moat mear by de tiid brocht wurde. Dat is de konklúzje fan de ûndersykskommisje IFKS Troch de wyn. It ûndersyk is yn it libben roppen om te sjen hoe't de IFKS no funksjonearret en wat better kin. De organisaasje hat it ôfrûne jier in soad reboelje oer him hinne krigen, mei as djiptepunt it ôftreden fan it folsleine bestjoer.

De ûndersikers advisearje om kommisjes lykas arbitraazjekommisje en Commissie-Generaal ôf te skaffen. Ek moat de skippersgearkomste mear in advysrol krije en selsstannige taken ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)