IFKS krijt fertrouwen leden

11 nov 2007 - 14:23
  • de affêre 'Nynke' waard sneon op 'e nij wiidweidich bepraat (foto Martin de Jong)

De leden fan de IFKS ha sneon har fertrouwen útsprutsen yn it bestjoer. Op in bûtengewoane gearkomste waard praat oer it skeel om it skip de Nynke. Dat wie útsletten, omdat it net om in skûtsje gean soe, mar om in bolskip. Fanwege de rúzje binne fan 't simmer in soad leden opstapt.

It haadbestjoer fan de IFKS is yntusken lulk op de Nynke-oanhing. Dy soe illegaal it adressebestân fan de IFKS brûkt ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)