IFKS finansjeel wer op koers

08 mrt 2012 - 12:14
  • IFKS

De IFKS leit finansjeel wer goed op koers. De skulden dy't de skûtsjeferiening hie, binne fuortwurke en der is no sels in lytse reserve. It finansjele herstel is foaral te tankjen oan de skippers sels, sy ha 20.000 euro yn de kas stoart. Fierder hat de nije Business Club in soad wurk ferset. De IFKS hat ien haadsponsor en twa subsponsoaren.

It ledetal fan de feriening is ferline jier flink groeid. No sneon hâldt de IFKS syn jiergearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)