IFK sealfuotbal los

06 jan 2011 - 19:33

Yn Frjentsjer is tongersdei it Iepen Frysk Sealfuotbal Kampioenskip begûn. Dat kampioenskip wurdt dit jier foar it earst net mear organisearre troch it fuotbalbûn KNVB. De KNVB hie muoite om de finansiering fan it toernoai rûn te krijen.

Sealfuotbalferiening Frjentsjer is fan dit jier ôf de organisator fan it toernoai. Der dogge 96 manljus- en 48 frouljusteams mei. Kommende wike binne de foarronden. De finaledei is op 16 jannewaris yn sporthal De Trije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)