Ieuwenâlde grêfstien ûntdutsen yn Mitselwier

24 aug 2015 - 10:33
  • De ûntdutsen grêfstien fan Rintie van Aytta
  • Vlnr De Walle en Koopmans (Fryske Akademy) en Meinema (Mitselwier) op de stien

Op it tsjerkhôf fan Mitselwier is in grêf út 1571 ûntdutsen. It is fan Rintie van Aytta, de broer fan steatsman Viglius van Aytta, en syn frou. Behearder Stichting Doarpstsjerke Mitselwier is op it stuit dwaande om de skulpelaach fan it begraafplak fuort te heljen.

De opskriften fan hast alle grêven wienen bekend by de stichting, útsein dy fan Van Aytta. De grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy hat dat no ûntsifere. De tekst wie noch mar foar in part lêsber. Rintie van Aytta hat fan 1552 oant 1570 grytman west fan Eastdongeradiel.

De tsjerke fan Mitselwier is fan 1776. De stichting tinkt dat de grêfstiennen earst yn de âlde tsjerke lein hawwe en by de nijbou yn 1776 nei it tsjerkhôf ferpleatst binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)