Ierpelboeren barre bêste priis

15 jun 2014 - 16:17
  • HZPC

Fanwege in hegere opbringst betellet ierpelhannelshûs HZPC ierpelboeren oer de rispinge fan ferline jier de heechste priis fan de ôfrûne fiif jier. De opbringst de bunder naam ferline jier dan wol ôf, mar dochs koe HZPC in soad setters nei it bûtenlân eksportearje. De fraach yn Afrika en it Midden-Easten naam oan 'e fan it jier ûnferwachts ta.

HZPC sjocht op dit stuit de fraach nei konsuminte-ierpels ôfnimmen, wylst it yn Europa mei de ierpelbou poerbêst giet. Dat kin legere ferkeapprizen opsmite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)