'Iere maitiid min foar skries'

04 maaie 2014 - 17:28
  • Skries

De betide maitiid driget min út te pakken foar de skries. Dat seit Jelle de Boer dy't foar Natuermonuminten in soad greidefûgelreservaten beheart.

Tsjin de tiid dat de piken útbret wurde, bloeie de blommen net mear en stiet it gers folle heger as bygelyks ferline jier. Minder blommen betsjut minder ynsekten. Dat betsjut wer minder fretten foar de skriezepiken. Omdat it gers sa heech stiet, is it ek folle dreger foar de piken om by dat fretten te kommen.

De skriezekrite fan de natuergebieten Skrok en Skrins en omkriten by Easterein besiket de skriezen yn 'e mjitte te kommen. Mei stipe fan de provinsje wurdt it meanen fan de tweede sneed gers sa lang útsteld dat skriezepiken yn dat gebiet noch wol goed ferbliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)