Ierdwaarmte foar glêstúnbou

15 okt 2007 - 14:37

Glêstúnboubedriuwen by Seisbierrum kinne yn de takomst mooglik gebrûk meitsje fan enerzjy dy't frijkomt út de waarmte fan de ierde. Op dit stuit ûndersykje de Westergosône en de provinsje oft dizze foarm fan enerzjy mooglik is foar túnkers dy't útwreidzje wolle.

Op termyn soe de ierdwaarmte tsientallen bunders oan glêstúnbou fan enerzjy foarsjen moatte. Yn Bleiswijk wurdt it systeem al tapast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)