Ierdgasstasjon op it Fean

02 jul 2009 - 21:14

Op It Hearrenfean is fan 'e wike begûn mei de oanlis fan it fjirde ierdgasstasjon fan Fryslân. Nei alle gedachten kinne de earste auto's der oan de ein fan dizze moanne al te plak om te tanken. It wurdt oanlein op it IBF-yndustryterrein op It Hearrenfean en oaljemaatskippij Post eksploitearret it.

It tanksstasjon is in inisjatyf fan de provinsje en de gemeente. In groep autodealers fan It Hearrenfean wol it riden op ierdgas ek promoate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)