Ierdgasproef Amelân súksesfol

20 sep 2012 - 15:55

In proef op It Amelân mei it taheakjen fan wetterstof oan de gasfoarsjenning fan fjirtjin apparteminten is goed slagge. De apparteminten waarden ferwaarme mei de mingfoarm. Sa koe hiel wat ierdgas besparre wurde.

Enerzjybehearder Stedin besiket no enerzjyleveransiers te rissen foar it projekt. Mei in seminar op it eilân binne tongersdei bedriuwen op de gasmerk ynformearre. Yn it bûtenlân binne ek al inisjativen yn neifolging fan It Amelan. Stedin sjocht in grutte takomst foar ierdgas fermingd mei wetterstof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)