Ierdewurk Tichelaar yn Milaan

07 apr 2004 - 00:00

De nijste kolleksje ierdewurk fan Keninklike Tichelaar út Makkum wurdt nije wike presintearre yn Milaan. Dêr fynt dan de ferneamde ynterieurbeurs Salone Internazionale del Mobile plak.

De nije kolleksje bestiet ûnder mear út in faas, in klok en in kearsestander yn moderne foarmen en kleuren. De kolleksje is ûntwurpen troch de Nederlanders Job Smeets en Nynke Tynagel en hat as titel 'Stil life'. Foarich jier wie Tichelaar ek yn Milaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)