Ierdbevingsslachtoffers yn Nepal krije needhelp út Fryslân

28 des 2015 - 22:47

Hast 2.000 ierdbevingsslachtoffers yn Nepal ha dizze wike needhelp krigen út Fryslân. De stichting Studenten- en Musaharproject Nepal hat truien en mûtsen kocht foar bern yn earme doarpen yn it episintrum fan de ierdbeving. Mar neffens de SMPN is dat lang net genôch foar de Nepalezen. It is winter en se ha ek beskutting nedich. Mar om't de doarpen yn dreech begeanber gebiet lizze, krije se gjin help fan it regear en de gruttere helporganisaasjes.

De SMPN komt dêr wol, sy bringe de help rinnend. Dêrom ha se no wer in nije aksje opset, 'Hulp voor dorpen zonder hulp'.

Minsken dy't de helpaksje stypje wolle, kinne foar mear ynformaasje sjen op de webside www.studentenprojectnepal.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)