Ierappels stean yn it wetter

31 aug 2012 - 14:22

De protten reinwetter fan 'e ôfrûne tiid kin de ierappelrispinge yn gefaar bringe. Wetterskip Fryslân docht alle war om it peil sa gau mooglik wer leger te krijen. It is net te sizzen hoelang't dat noch duorret.

Trochinoar is der 7 sintimeter wetter fallen, mar op guon plakken binne der útsjitters fan 10. Diken, kelders en wenhuzen strûpten dêrtroch ûnder. De brânwacht yn Noardwest-Fryslân hat mei hûndert man yn tou west om it wetter fuort te pompen.

De gemalen fan Roptasyl en Swarte Hoanne draaie sûnt tongersdeitemiddei op folle krêft. Op ferskate plakken binne ekstra pompen ynset om it wetter ôf te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)