Ierappels fan lân nei keuring

05 sep 2012 - 23:19
  • (foto-ympresje)

Karmasters sille de kommende tiid by de boeren op It Bilt del om per boer te sjen wannear't de ierappels fan it lân helle wurde meie. Dy oplossing waard woansdeitejûn oandroegen op in gearkomste.

Foar de boeren op It Bilt wie in roaiferbod ynsteld om't troch de wetteroerlêst ierappels besmet drigen te reitsjen mei brúnrot. De boeren moatte kontakt opnimme mei de Voedsel- en Warenautoriteit as se roaie wolle. Der wurde ekstra karmasters ynset. De boeren binne oer it algemien posityf oer de oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)