Ierappels bouwe op sâlte grûn

28 jul 2011 - 15:02

De proef mei it bouwen fan ierappels op sâltige lânbougrûn is goed ôfrûn. Kweker Fobek yn Sint Anne hat mei in kollegakweker yn Grinslân 26 rassen úttest. Dat barde op Teksel. De ierappels binne tongersdei út de grûn helle. Likernôch in tredde part is geskikt foar sâlte grûn, docht bliken.

De rassen soene in part fan de honger yn 'e wrâld oplosse kinne. Dat tinke wittenskippers dy't by de proef belutsen binne. It probleem fan fersâlting fan lânbougrûn spilet rûnom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)