Ierappelboeren temjitte kommen

02 okt 2006 - 17:16

De ierappelyndustry komt de bouboeren temjitte dy't finansjele skea ha fan de minne rispinge. Troch it waarme en letter, wiete simmerwaar falt de rispinge tige ôf. De opbringst is leger en de kwaliteit fan de ierappels is wikseljend.

De feriening fan ierappelferwurkjende yndustry hat besluten de kontrakten dy't foar july ofsluten binne, oan te passen. Dêrtroch draaie de boeren net folslein foar de finansjele skea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)