Ierappel-rispinge noch minder

22 sep 2006 - 07:04

De rispinge fan ierappels sil in noch gruttere ôffaller wurde as al tocht waard. Dat seit wurdfierder Haanstra fan LTO Nederland. Hy is benaud dat de rispinge folslein mislearret.

Earder wie berekkene dat de oogst fan ierappels 10 oant 15 persint leger útfalle soe. Mar der wurdt no fanút gong dat dat 25 persint wurdt. De problemen wurde feroarsake troch de hite yn july, folge troch de tige wiete augustusmoanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)