Iepenloftspul oer Sneker Pan

23 des 2011 - 07:57
  • De Sneker Pan

Snits krijt yn 2013 wer in iepenloftspul. Oanlieding is it 100-jierrich jubileum fan it skûtsje De Sneker Pan. It iepenloftspul wurdt organisearre troch de Stichting Sneker Pan en Toanielselskip Teater Snits.

Omdat it in grut projekt wurdt, is in aparte stifting oprjochte dy't al begûn is mei de tariedings. Bouke Oldenhof skriuwt it stik, dat gean sil oer de wrâld fan in skûtsjeskipper. It stik sil opfierd wurde oan de râne fan de Snitsermar, by rekreaasjegebiet de Potten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)