Iepenloftspul Burgum oer Levy

28 okt 2008 - 09:47

Yn it Burgumer iepenloftteater sil yn de simmer fan 2009 it stik Levy spile wurde. It stik giet oer de tiid dat de Hessyske joad Salomon Levy tahold op de Westereender heide oant syn dea yn 1798 op it skavot yn Ljouwert. Levy is ferneamd yn de Fryske Wâlden.

Op fersyk fan it Burgumer Iepenloftspul hat Gerrit Hoekstra fan Winsum der in stik oer skreaun. Op 10 novimber binne der iepen audysjes foar it stik. It Burgumer Iepenloftspul bestiet yn 2009 fyftich jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)