Iepenloftsjinst yn Prinsetún

01 maaie 2008 - 13:08
  • Himelfeart yn 'e Ljouwerter Prinsetún
  • Der wie in soad muzyk en sang by de tsjinst

De iepenlofttsjinst op Himelfeartsdei yn ´e Ljouwerter Prinsetún luts mear minsken as ferwachte. De organisaasje hie hope op hûndert minsken, mar der kamen twahûndert. Sadwaande moasten der stuollen byset wurde.

De Parktsjerke hie de tsjinst by it koepeltsje organisearre. Der wiene in opfallend soad nije gesichten, sei dûmny Van_Duyl. Hy wol, as it heal kin, takom jier wer sa´n iepenloftsjinst hâlde yn ´e Prinsetún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)