Iepening studintehûs Ljouwert

04 jul 2003 - 00:00

As de hegeskoallen har net mear ynsette foar studintehúsfesting, dan komt de posysje fan Ljouwert as HBO-stêd yn gefaar. Dat sei wethâlder Sluiter fan Ljouwert tongersdei by de iepening fan in nij grut studintehûs yn it eardere Lienward College yn de Kanaalstrjitte.

De ferwachting is dat der oer in pear jier 1200 studintekeamers te min binne. De hegeskoallen moatte dêr folle mear jild en omtinken oan besteegje, sa sei Sluiter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)