Iepening fûgelkykhutte Oerterp

24 aug 2003 - 00:00

De Jeugdfûgelwacht fan Oerterp hat in nije fûgelobservaasjehutte. By de iepening waarden ek oare jonge fûgelwachten útnoege. 250 bern kamen sneon op dizze saneamde ynspiraasjedei ôf. De dei waard hâlden by opfangsintrum De Fûgelhelling yn Oerterp.

De bern dy't meidiene, binne lid fan 20 fûgelwachten út hiel Fryslân wei. Se koenen ûnder oare de natuer yn mei spesjaal dêrfoar makke leskisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)