Iepening bedriuw wurdt desepsje

02 apr 2006 - 09:20

Wat de feestlike iepening fan metaalbedriuw Munniksma yn Koudum wêze soe, waard sneon in desepsje. Op lêst fan de boargemaster fan Nijefurd moast it bediuw op slach ticht. De fergunnings foar it ferhuze bedriuw binne nammentlik noch net rûn.

Wylst de blommen foar de iepening noch brocht waarden, stiene de klanten alwer op 'e dyk. Munniksma hie hope dat de boargemaster net sa hurd optrede soe, fanwege eardere mûnlinge tasizzings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)