Iepening Appie Baantjer-modelspoarbaan yn Snitser museum

04 apr 2016 - 11:10
  • Peter Tuinman as resjersjeur De Cock by de iepening fan de Baantjer modelspoarbaan
  • It iepeningsdoek foar de Baantjer modelspoarbaan yn it Snitser museum

Akteur Peter Tuinman hat moandei de Baantjer-modelspoarbaan iepene yn it Nationaal Modelspoormuseum yn Snits. De skriuwer Appie Baantjer, dy't yn 2010 ferstoar, wie in grut leafhawwer fan modeltreinen en kaam faak yn it Snitser museum. Nei syn ferstjerren krige it museum syn folsleine kolleksje modeltreinen, sa'n 100 stiks.

Baantjer waard bekend troch syn detektiveromans mei yn de haadrol resjersjeur De Cock. Hy skreau mear as santich boeken. Op telefyzje waard De Cock fertolke troch Piet Römer en Peter Tuinman spile dy rol yn it teater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)