Iepening 154ste PC

01 aug 2007 - 07:52
  • De wedstriid fynt plak op it Sjûkelân
  • Taeke Triemstra, kening fan ferline jier, leveret de keningsbal wer yn

Yn de Koarnbeurs yn Frjentsjer is woansdei de grutste keatswedstriid fan it jier, de PC, iepene. Dy belibbet dit jier de 154 edysje. De tradisjonele iepeningstaspraak waard dit jier net dien troch Jan van der Mei dy't him fanwegen syn sûnens weromlutsen hat as foarsitter. Minne Dykstra is de nije earste man.

De favorite partueren hawwe ûngeunstich lotte, ûnbekende keatsers hawwe no mear kâns op in priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)