Iepenheid oer ûnderhannelings

07 mrt 2010 - 15:41
  • Düdlikens nei gemeenteriedsferkiezings

De politike partijen yn Achtkarspelen moatte folsleine iepenheid jaan oer de kolleezjeûnderhannelings. Allinnich sa kinne de partijen it betrouwen fan 'e kiezer weromkrije. Dat skriuwt boargemaster Van der Zwan yn in iepen brief oan de ûnderhannelers.

De boargemaster is kjel wurden fan it lege opkomstpersintaazje fan 54 persint by de gemeentlike ferkiezings. Neffens Van der Zwan is dat ta te skriuwen oan it gebrek oan betrouwen fan boargers yn 'e polityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)