Iepener Aaipop bekend

03 feb 2013 - 09:43
  • Ebele

De band Ebele mei op peaskemoandei fan dit jier it Aaipopfestival yn Nijlân iepenje. De band waard sneontejûn yn De Westereen winner fan de foarronde fan it jierlikse Frysktalige popfestival. De band krijt ek tiid om yn de studio in single op te nimmen. Dy wurdt presintearre op it Aaipopfestival.

It wie it oardiel fan de faksjuery dat de trochslach joech. Nei it tellen fan de stimmen fan it publyk en de faksjuery einige Ebele earst gelyk mei de band Twirre. It Aaipopfestival wurdt dit jier foar de 26ste kear hâlden yn Nijlân.

Op 11 maart begjint de foarferkeap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)