Iepenbier Ministearje yn heger berop tsjin frou Sint Nyk

28 apr 2015 - 16:39

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin it fonnis fan de rjochter yn de saak fan in 58-jierrige frou út Sint Nyk. Yn augustus ferline jier ried sy twa jonges oan. It IM fynt dat der sprake is fan besykjen ta deaslach troch de frou. De rjochtbank fynt fan net.

De frou krige twa wike lyn in taakstraf fan 240 oeren. Sy mei fan de rjochter ek twa jier net autoride. De frou kaam ta har die, om't de jonges har hûnen geregeld narren. Ien fan beide jonges rekke slim ferwûne. Hy bliuwt oan ien each blyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)