Iepenbier ferfier sneon stil

03 maaie 2013 - 08:55
  • Arrivabus

Arriva lit syn bussen en treinen, sa as gebrûklik, sneontejûn twa minuten stil stean. Dat wurdt dien om acht oere, it momint fan de Nasjonale Deadebetinking.

It bedriuw hat syn sjauffeurs en masjinisten opdracht jûn har bus of trein dan stil te setten. Dat mei wol allinne as dat op in feilich plak kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)