Iepenbier ferfier noch mear pakt

06 okt 2004 - 10:31

It iepenbier ferfier yn Fryslân driget noch fierder útklaaid te wurden. It Ryk wol Fryslân nei alle gedachten foar de perioade nei 2006 3 miljoen euro minder jaan.

Dy koarting komt boppe op de 3 miljoen euro dêr't de provinsje yn 2005 al besunigings foar pland hat. De provinsje hat bygelyks foar takom jier ûnrindabele linen skrast. Ek sil yn 2005 minder op sneins en jûntiid riden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)