'Iepenbier ferfier kin fergees'

31 jan 2006 - 15:55

It iepenbier ferfier yn Fryslân kin fergees. Dat seit Michel van Hulten, âld-steatsiktaris fan ferkear. Yn België is dat al foar in grut part sa en dat hat foar in soad ekstra reizgers soarge.

It iepenbier ferfier yn Fryslân wurdt troch it nije ferkear- en ferfiersplan stadichoan minder. Dat is in minne saak, seit Van Hulten. Deputearre Baas en ferfiersbedriuw Arriva fiele net folle foar fergees iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)