Iepenbier ferfier: fertraging

21 des 2009 - 07:05
  • Reizgers moatte rekken hâlde mei fertragings

De bussen en treinen ride moandeitemoarn wol, mar de reizgers moatte wol rekken hâlde mei fertragings troch de glêdens. Bussen fan Qbuzz sille fan healwei achten ôf ride. Yn de Noardeastpolder en Flevolân ride gjin bussen.

De NS jout foar har treinen in negatyf reisadvys. De treinen sille moandei minimaal ride. Der ride ek minder treinen fan Arriva. Se geane ien kear yn 'e oere yn stee fan twa kear nei Harns, Snits en Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)