'Iepen Universiteit sjantearret'

14 feb 2003 - 00:00

Deputearre Jan Ploeg beskuldiget de Iepen Universiteit fan politike sjantaazje. De gemeente Ljouwert en de provinsje moatte 60.000 euro betelje foar in 'útklaaide ferzje' fan it opliedingsynstitút, sa wol it bestjoer.

De Iepen Universiteit yn 'e Fryske haadstêd soe earst ticht gean, mar dêr kaam it kolleezje fan bestjoer op werom. Betingst is wol dat der jild komme moat. De provinsje en de gemeente tinke der net oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)