'Iepen try-out' Pake Sytse

27 aug 2010 - 16:05

Minsken dy't gjin kaartsje mear krije koene foar iepenloftspul Pake Sytse op De Feanhoop, kinne der moandei dochs wat fan sjen. Dan wurdt in try-out hâlden, dy't foar elts tagonklik is.

Nije wike woansdei is de earste echte foarstelling. Der binne al in pear ekstra foarstellingen organisearre. Mei-inoar wurdt it stik no 17 kear útfierd. Pake Sytse is in stik dat ûntliend is oan in boek fan Rink van der Velde. Romke Toering docht de rezjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)