Iepen Stâl-rûte yn Aldeberkeap

24 jul 2006 - 14:28

Aldeberkeap makket him op foar de tûzenen besikers dy't de Iepen Stâl-rûte de kommende wiken lûke sil. Op 25 plakken yn it doarp steane bylden of is wat oars te besjen op kultureel mêd.

De bylden stean yn de iepenbiere romte, mar ek by minsken thús, yn in garaazje, in keamer of in hokje. 175 frijwilligers binne drok dwaande om it keunstfeest, dat plakfynt fan 29 july oant 27 augustus, op te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)