Iepen Monumintedei yn Fryslân

12 sep 2004 - 16:19

Op tal fan plakken yn de provinsje waarden sneon aktiviteiten organisearre fanwege iepen monumintedei. Yn Ljouwert waard bygelyks omtinken jûn oan huzen fan bekende Ljouwerters, lykas it âlde hûs fan skriuwer Geert Mak.

Op It Hearrenfean wiene histoaryske kuiertochten. Yn de biblioteek fan Drachten wie in diashow mei âlde bylden fan de gemeente Smellingerlân. Sneon waard ek de 6e Fryske Mûnedei hâlden. Guon mûnen wiene iepen foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)