Iepen Mennistetsjerke is sukses

25 jul 2004 - 15:23

De Mennistetsjerke yn Drachten hâldt yn de simmer iepen hûs. Fanwegen it sukses fan in iepen dei, lit de tsjerke oan de Zuiderbuurt freeds en sneontemiddeis de doarren iepen. It publyk wit de tsjerke te finen: op guon dagen komme der 150 besikers nei de monumintale tsjerke fan 1790.

De mennistemienskip yn Drachten telt sa'n 200 leden. Yn trochsneed geane tusken de 50 en 70 leden sneins nei de tsjinst yn de tsjerke ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)