Iepen huzedei goed besocht

10 okt 2009 - 15:34
  • Iepen huzedei yn Fryslân

Op de lanlike iepen huzedei is sneon in rekôr tal minsken ôfkaam. Hast 1500 huzen yn Fryslân koene besjoen wurde en dat is mear as by eardere edysjes. Troch de ekonomyske krisis stean hieltyd mear huzen lang te keap.

De iepen huzedei wurdt twa kear yn it jier organisearre troch NVM-makelders. Minsken dy't in wenning sykje kinne dan huzen besichtigje sûnder earst in ôfspraak te meitsjen. De NVM-makelders yn Fryslân binne tefreden oer de iepen huzedei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)