Iepen hûs yn Alde Feanen

09 maaie 2010 - 10:40

Nasjonaal park De Alde Feanen by Earnewâld hâldt snein iepen hûs. Dat wurdt dien op inisjatyf fan it Fryske Gea, dat dit jier syn 80-jierrich bestean fiert. De iepen dei yn De Alde Feanen is ien fan de aktiviteiten fanwege dat jubileum.

Besikers kinne snein meidwaan oan ekskurzjes troch it gebiet, dat kin kuierjend en mei de boat. Ek binne der demonstraasjes, aktiviteiten foar bern en in natuermerk. De iepen dei duorret fan tolven oant fjouweren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)