Iepen Hûs op grutte en lytsere bouprojekten

13 jun 2015 - 12:59
  • It nije suvelfabryk fan Ausnutria op It Hearrenfean
  • It publyk waard opheind yn in feesttinte
  • By Ausnutria waard dizze wike it heechste punt berikt

Op ferskate plakken yn Fryslân kin it publyk sneon op boulokaasjes sjen. Dat bart yn it ramt fan de dei fan de bou. Boubedriuw Van Wijnen noeget belangstellenden út by it baby-itenfabryk fan Ausnutria op It Hearrenfean. Ferline wike waard dêr it heechste punt berikt.

Kommersjeel direkteur Jeroen van Balen fan Van Wijnen is grutst op dit projekt en hjit it publyk dêrom graach wolkom. Mar ek op ferskate oare grutte bouprojekten, lykas it nije akwadukt by Ljouwert en it nije Thialf, steane de doarren iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)