Iepen hûs nije MFA Minnertsgea

01 nov 2014 - 14:35
  • MFA yn Minnertsgea

Ynwenners fan Minnertsgea kinne sneontemiddei sjen hoe't de nije multyfunksjonele akkommodaasje der aanst útsjocht. De stichting MFA Minnertsgea hâldt iepen hûs en presintearret ek de nije aksjeplannen. Fan it doarp wurdt noch in bydrage ferwachte foar it pleatsen fan sinnepanielen, in lûdsynstallaasje en in terras.

Oan de tarieding fan it gebou is sân jier wurke. Mei troch it moaie waar leit de bou goed op skema. It gebou is al wyn- en wetterticht. De akkommodaasje slút oan by de besteande fuotbalkantine. Yn de maitiid moat it klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)