Iepen hûs âld-suvelfabryk Rie

11 maaie 2003 - 00:00

It âld-suvelfabryk fan Rie is yn in jier tiid útgroeid ta in echt keunstsintrum. Trije keunstskilders, in yllustratrise en in byldhouster hawwe atelierrûmte fûn yn it gebou. Sneontemiddei wie der foar it earst iepen hûs.

Hûnderten minsken, út it doarp sels mar ek rûnom út it lân, kamen sjen yn it fabryk. De keunstners hâlde dizze moanne alle sneonen iepen hûs om har wurk bekend te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)