Iepen hús by Advendo Snits

25 okt 2014 - 12:51
  • Advendo hâldt in Play-inn

Muzykkorps Advendo út Snits hâldt snein foar de earste kear in saneamde 'Play-Inn'. Minsken dy't dêr belangstelling foar hawwe, kin delkomme en in kear mei musisearje. Dat kin yndividueel en yn groepsferbân. Der hawwe har al goed 20 minsken opjûn foar dizze dei. De Play-inn is neffens de organiaasje net direkt bedoeld om nije leden te winnen mar foaral bedoeld om minsken dy't dat graach wolle yn de kunde komme litte mei it korps.

De bedoeling is dat der oan de ein fan de dei in mienskiplik nûmer útfierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)