Iepen foar ôfhanneljen foto's?

25 okt 2005 - 15:53

De fotowinkels fan Kral en Objektief yn Fryslân, dy't ferline wike fallyt gien binne, geane mooglik nije wike freed ien dei iepen. Dan wurde de klanten yn de gelegenheid steld om har foto's of oar materiaal dat se dêr ynlevere hiene, wer op te heljen. De datum fan 4 novimber is noch net hielendal wis, seit kurator Lettinga.

Der hawwe har yntusken in hiel soad oernamekandidaten melden. In trochstart liket dêrom mooglik te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)