Iepen dei YMCA

09 jun 2003 - 00:00

Kanoë, in klimbaan of mei de kabelbaan oer it wetter hinne. Dizze bûtendoaraktiviteiten wiene ûnderdiel fan 'e iepen dei by de YMCA dy't Pinkstermoandei yn Kollumeroard by Dokkumer Nije Silen hâlden waard.

De kristlike jongereinorganisaasje hâldt alle simmers survivalkampen foar bern. Ek binne der kampen foar flechtlingen en minsken dy't gjin fakânsje betelje kinne. Mei-inoar wiene der moandei 200 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)