Iepen dei sikehûs Sionsberg

11 maaie 2013 - 12:15
  • Utlis op iepen dei Sionsberg
  • Utlis op iepen dei Sionsberg

Sikehús De Sionsberg yn Dokkum set sneon de doarren iepen foar elk dy't sjen wol wat de mooglikheden fan it sikehús binne. De pasjinten bliuwe de lêste tiid fuort fanwege de negative publisiteit fan de lêste tiid. Minsken tinke dat in soad behannelings net mear mooglik binne, mar dat is net it gefal.

Alle spesjalisten wiene oanwêzich op de iepen dei. De iepen dei luts in soad minsken. De gipskeamer en de echoromte wiene de grutte favoriten by de besikers. Der kamen mear as 5000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)